Dochst ek mei oan 'DE FOARSTELLING'?

11 april 2018

Yn opdracht fan STAF wurdt yn novimber 2019 opfierd:

“DE FOARSTELLING”
In theatrale én musikale foarstelling mei in knypeach nei 100 jier organisearre amateurtoaniel yn Fryslân.

  • Repetysjeperioade: april -oktober 2019 (mei fekânsjestop)
  • Tal repetysjes: ûngefear 40-45
  • Repetysjeplak: sintraal yn Fryslân (tips?)
  • Foarstellings yn 5/6 ferskillende teaters yn Fryslân begjin novimber 2019

Foar ‘De Foarstelling’ sykje wy:
skriuwers, toanielspilers, musikanten, sjongers, dûnsers, dekorbouwers en inspeciënten
koartsein:
minsken dy’t op hokker wize dan ek meiwurkje of meidwaan wolle oan dizze unike, selsbetochte en sels makke ko-produksje mei it amateurtoaniel yn Fryslân as kreatieve basis foar de ynhâld.
Mooglik wurde der noch audysjejûnen hâlden.

Regy: Tineke Broers

Oanmelde: fia dit formulier
Mear ynformaasje
by:
Staf / Aafje Stolte ynfo@staf-fryslan.nl of 058 2343449 
Tineke Broers (nei 18.00 oere) 06 41803988