Kriichreglemint
Kêst 1 - De Stichting Amateurtoaniel Fryslân hâldt sa mooglik jierliks in toanielkriich foar de oansletten selskippen. Elk selskip kin oan dizze kriich meidwaan mei ien of mear stikken. De foarstelling moat foldwaan oan de folgjende kritearia:
• der moat spile wurde yn de Fryske taal
• de foarstelling moat jûnfoljend wêze of oars op syn minst fiif kertier duorje
(byg. twa of mear ienakters is ek mooglik)
De kosten foar it meidwaan oan de kriich wurde fêststeld troch it bestjoer. It selskip kriget hjirfoar in digitale rekken.
Kêst 2 - It stiet frij om al of net oan de toanielkriich mei te dwaan. It selskip makket sels in kar: allinnich punten of punten mei in neipetear/taljochting troch de karmasters.
Kêst 3 - In selskip dat meidwaan wol, moat dit foar 1 desimber opjaan fia it opjefteformulier op http://www.staf-fryslan.nl/ Twa tekstboekjes fan it te spyljen stik moatte, op syn minst 6 wiken foar de earste útfierings, tastjoerd wurde.
Kêst 4 - Foar it beoardieljen fan elke produksje dy't in selskip dêrta yntiids opjûn hat, wiist it bestjoer twa karmasters ta en befêstiget dat oan it selskip.
Foar de ûntfangst fan de karmasters by de selskippen binne regels steld, dy’t fêstlein binne yn it protokol foar de selskippen.
Kêst 5 - De karmasters wurde troch it bestjoer beneamd, nei 't sy mei goed resultaat in oplieding ta karmaster folge ha.
Fan jier op jier sil der troch de kriichkommisje nei stribbe wurde de karmasters safolle mooglik te wikseljen by alle selskippen, sadat net alle jierren deselde karmasters by deselde selskippen komme. Foar in opfiering mei yn gjin gefal in karmaster oanwiisd wurde dy’t it, te beoardieljen stik, sels skreaun of bewurke hat, of dy 't op in oare wize, hoe dan ek, persoanlik by de produksje belutsen is / west hat.
Kêst 6 - De ûnderdielen fan in opfiering dy't de karmasters beoardielje moatte, binne troch it bestjoer fêststeld en fêstlein yn in list.
Kêst 7 - De karmasters bringe skriftlik en/of mûnling ferslach út fan elke opfiering dy’t hja beoardiele hawwe. Dat kin op twa wizen :
• It selskip makket de kar om allinnich punten te krijen foar de foarstelling. De punten wurde twa wiken nei de skôge foarstelling skriftlik bekend makke by it selskip.
• It selskip makket de kar om nei de foarstelling mei de karmasters in neipetear te fieren oer de befiningen oangeande de foarstelling. By it neipetear wurde fuortendaliks de behelle punten troch de karmasters bekend makke. De punten wurde twa wiken nei it neipetear fia mail opstjoerd nei it selskip. In selskip mei opnamen, dy’t eventueel fan de beoardiele opfiering makke binne, yn gjin gefal behelje yn de beoardieling troch de karmasters.
Kêst 8 - Fan de behelle punten yn it winterskoft dy ‘t de selskippen oan de toanielkriich meidogge wurdt in oersjoch makke. Sa ûntstiet der in rangoarder fan leech nei heech. Dy rangoarder wurdt, neidat alle selskippen harren foarstelling spile hawwe, yn trije lykweardige parten ferdield. As it tal selskippen, dat oan de Toanielkriich dielnimt yn in winterskoft, net dielber is troch 3, dan wurdt yn it earste part (heechste punten) in selskip taheakke. Dat kin ek jilde foar it twadde part.
Kêst 9 - De twa selskippen dy’t yn ien winterskoft de measte punten behelle hawwe yn harren groep winne in priis. It heechst einige selskip is winner fan de toanielkriich fan dat winterskoft. De útslach fan de folsleine toanielkriich wurdt bekend makke op de slútjûn.
Kêst 10 - By it skôgjen fan de foarstelling beoardielje de karmasters mei help fan in ekstra formulier ferskate aspekten. Fan dizze sân aspekten wurdt yn elk part fan de útslach elk winterskoft in rangoarder makke. Fan alle dielnimmende selskippen wurde de heechst einigjende selskippen yn in kategory nominearre. It heechst einige selskip kriget foar de kategory in priis yn de foarm fan in jildbedrach. Dit bedrach wurdt oermakke op de rekken fan it selskip. De sân aspekten binne :
• de meast bysûndere foarstelling
• it grutste jonge talint
• de bêste spiler
• de bêste spylster
• de bêste foarmjouwing by in foarstelling
• de bêste technyk by in foarstelling (lûd en ljocht)
• de bêste muzyk by in foarstelling
De útslach wurdt bekend makke op de slútjûn, dy ’t oan it ein fan it winterskoft organisearre wurdt.
Kêst 11 - It bestjoer beneamt de foarsitter en de leden fan de Kriichkommisje. Ek beneamt it bestjoer de koördinator, dy ’t de toanielkriich koördinearret. Hy/sy is de kontaktpersoan oangeande alle saken dy ’t de toanielkriich oanbelangje foar selskippen en karmasters.
De kriich fan in jier einiget altyd mei it bekend meitsjen fan de útslaggen op de slútjûn yn de moanne april. Yn de moanne septimber nimt de Staf it inisjatyf ta it organisearjen fan de kriich yn it dêrop folgjende winterskoft. It winterskoft duorret fan 1 oktober oant en mei 31 maart.
Kêst 12 - Sa gau as mooglik wurdt nei de slútjûn de rangoarder, ûnderferdield yn trije parten, fan it winterskoft dat west hat, iepenbier makke op de webside. Yn it winterskoft dat folget is de rangoarder fan it foargeande winterskoft net mear fan tapassing.
Kêst 13 – Om in goed ynsjoch te krijen yn it ferrin fan de toanielkriich wurdt der fan karmasters en selskippen ferwachte dat sy nei it neipetear it evaluaasje formulier ynfolle en werom stjoere. Evaluaasjeformulier Karmaster / Evaluaasjeformulier Selskippen In selskip kin in klacht yntsjinje as hjir oanlieding ta wêze mocht. Lês hjirfoar Klachtereglemint op de webside.
Kêst 15 - Foar alle gefallen, dêr’t dit reglemint net yn foarsjocht, beslút it bestjoer. Dit reglemint hat as bylage it klachtereglemint en makket yn syn gehiel diel út fan it Karbrief fan de Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) en is goedkard en fêststeld yn it bestjoer fan dizze Stichting.