De Foarstelling

16 oktober 2019

Yn it ramt fan it 100 jierrich bestean fan Staf

DE FOARSTELLING
noch te sjen yn 3 teaters yn Fryslân

In teatrale én muzikale foarstelling mei in knypeach nei 100 jier organisearre amateurtoaniel yn Fryslân. Dizze unike, selsbetochte en sels makke ko-produksje wurdt in bûnte jûn oer fêste gewoantes en emoasjes, ergernissen, tûkelteammen, mar foaral in protte wille mei en oer it Fryske amateurtoaniel. In oanrieder foar elk dy ’t graach oer toaniel mei; net fersitte!

Regy: Tineke Broers
Teksten: Geert Hager
Muzyk: Tseard Nauta

freed 8 novimber 2019 De Koornbeurs Frjentsjer
freed 15 novimber 2019 Theater Sneek Snits
sneon 16 novimber 2019 Sense Dokkum