IENAKTERFESTVAL UP DATE!

4 april 2020

Pak unyke kans om te  learen  en te ûntwikkelejen.

Op 4 april 2020 organisearret Staf in ienakterfestival foar de by Staf oansluten selskippen.
Ofhinklik fan it tal dielnimmers kin it festival fersprieden oer de dei en jûn plak fine.
Om de selskippen yn ‘e mjitte te kommen is der foar elke dielnimmende ienakter
€ 50,00 beskikber.
Staf nûget, jong, âld en alles der tusken yn, út om in ienakter oan te melden foar it festival. 

Der is  noch romte  foar  opjeften. Dus elk selskip dat sjen  litte wol wat se kinne en  leare wolle fan oare selskippen en fan professionele feedback, kin  harren noch  melde!

Lokaasje:  It Maskelyn yn Hurdegaryp.

Wat biedt Staf?
- profesjoneel lûd en ljocht (gjin headsets)
- sjuery fan profesjenels út de toanielwrâld, besteande út Lysbeth Welling, Karin Idzinga en  Theo Smedes.
- foar de winner leit der  € 250,00 klear.
- twadde priis is , € 150,--
- tredde priis is € 100,--

Der binne nominaasjes en prizen foar:

  • Bêste spiler en spylster
  • Grutste jonge talint (oant 21 jier)
  • Bêste technyk (lûd en ljocht)
  • Bêste rezjy