Netwerkbyienkomst Iepenloftspullen 4 novimber

15 oktober 2019

De netwerkbyienkomst foar de Iepenlofspullen is:

Datum: Moandei 4 novimber 2019
Tiid: 19.30 oere
Plak: Doarpshûs De Weeme, Weme 18, Lekkum
Kosten: fergees
Oanmelde: we hearre graach sa gau mooglik fia ynfo@staf-fryslan.nl oft jim der by binne en mei hoefolle persoanen

Der is wer in nijgjirrich programma foar de Iepenloftspulkommisjes gearstald. 
De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Jelle Wesselius (foarsitter STAF)

19.30 - 19.45 oere
Ynrin

19.45 - 20.15 oere
Piter Zwart (Iepenloftspul  Snakkerbuorren) oer it programearjen fan Iepenloftspullen yn it seizoen

20.15 - 20. 45 oere
Wybo Smids (webmaster iepenloftspullen.nl)  oer de mooglikheden en kânsen  dy't www.iepenloftspullen.nl biedt

20.45 - 21.00 oere
Skoft

21.00 - 21.30 oere
Jos Thie mei syn fyzje op de Iepenloftspullen.
(Wie artistyk lieder fan Tryater en driuwende krêft fan it projekt Under de Toer yn it Kulturele Haadstêd jier)