Regiojûnen en de kommende tiid

19 novimber 2019

Yn septimber binne der op ferskate plakken yn Fryslân regiogearkomsten west.
Hjirûnder fine jo it ferslach fan dizze  jûnen en de plannen dy't Staf hat foar de kommende tiid.

Gearfetting fan de Regio-jûnen en het programma foar de kommende tiid

De Regio-jûnen binne troch 32 ferienings en 3 karmasters besocht. De ynterpretaasje fan eltse jûn wie itselde. Jos Thie hat eltse jûn in presintaasje jûn oer syn ûnderfiningen mei it Fryske amateur toaniel. Dêryn is Fryslân unyk.
De gearwurking tusken de ferskate groepen is der wol mar it wurdt noch te min útdroegen.
NHL Stenden hat it doel om har studinten mear yn te setten binnen it Fryske amateur toaniel.

De folgjende saken binne oan de oarder kommen:

  • Jongereintoaniel
    Der binne al in protte ferienings oan de slach mei jongereintoaniel. Elkenien docht dat op harren eigen wize. De jongerein bliuwe meastentiids belutsen oant se nei de middelbere skoalle gean, mar dêrnei hâldt it wol op.
    Dizze ferienings jouwe oan dat it dreech is om goede stikken te finen foar de jongerein.
  • Belibjen oer de takomst fan de feriening
    De algemiene trend binnen it amateurtoaniel is dat de measte ferienings har rjochtsje op de bining mei it eigen doarp. Wat wol it doarp en fan út dy winsk wurdt der in repertoire keazen.
    De ambysje om fierder te sjen is der amper. It útwikseljen fan spilers yn dy doarpen komt hast net foar.
  • Regio’s
    De eangst bestiet dat der binnen in regio mar in pear ferienings binne dy’t de karre lûke moatte en dat de rest fan de ferienings ôfwachtsjen bliuwt. Dat kin net de bedoeling wêze. It is oan it STAF-bestjoer om dit te fasilitearjen. Der liket wol ferlet om regio’s te foarmjen op gemeentlik nivo. Men ferwachtet dat der dan mear kontakt is tusken de ferienings.
  • Prizen
    It is foar de ferienings noch net hielendal dúdlik hoe’t wy, as STAF, dit útfiere wolle. Se freegje harren ôf oft der wol ferlet fan is. Dit is per feriening ferskillend en der is net unanym útsprutsen dat der ferlet fan is.
  • Ienakters
    Dit wurdt posityf ûntfongen. It jout de ferienings de kâns om wat oars te besykjen. In kompetysje fia ienakters liket wol mooglik te wêzen. Dit kin in opstap wêze nei de ûnderlinge ferbining tusken ferienings.

Wêr is fierder ferlet fan?

Meitsje in projekt wêr’t alle fasetten van it teäter oan de oarder komme. Sykje mei help fan in enkête út wat de ferienings wolle, wa’t se binne en wat se dogge.

STAF moat berikber wêze.

In kaartebak mei spesjalisten sa as regisseurs, skriuwers, útjouwers. Freegje net oan de ferienings hokker workshop se folgje wolle mar kom mei in konkreet foarstel: workshop mei datum en tiid.

Ferienings wolle wol feedback ha op de foarstellings en it repetysjeproses.

De plannen fan Staf yn it koart:

  • It opsetten fan in ienakterfestival op 4 april 2020
    It beoardieljen fan de ienakters wurdt fersoarge troch minsken út it profesjonele toanielfjild. De beste ienakter hat it rjocht om op de slútjûn te spyljen.
    Fierder wurde hjir spilers en selskippen nominearre foar de ferskillende Staf-toanielprizen. Mear ynformaasje folget rûn 13 desimber op de webside fan Staf .
  • Feedback en neipetear foar oansluten selskippen op oanfraach. Dit kin fia de mail: ynfo@staf-fryslan.nl
  • Workshop spyljen: Elemintêr spul
    Ymprovisaasje mei foarwerpen: funksje, romte, situaasje. Ymprovisaasje mei teksten.
    Meer ynformaasje op www.staf-fryslan.nl rûn 13 desimber.
  • Workshop  ‘Stikken lêze’
    Foar lêskommisjes, bestjoerders en oaren dy’t in stik útsykje moatte of wolle. 4 jûnen mei-elkoar prate oer: Hoe kom ik der achter oft it stik dat ik lês goed is?
    Meer ynformaasje op www.staf-fryslan.nl rûn 13 desimber.

Foar de midden lange termyn

  • Databank opsette mei persoanen dy’t fan belang binne foar ús amateurtoaniel
  • Adresbestân fan de selskippen optimalisearre foar 30 jannewaris 2020
  • Regio-yndieling fierder útwurkje
  • Jierplanning mei workshops en trainingen oant oktober 2020

Hâld de webside fan Staf www.staf-fryslan.nl goed yn de gaten dan misse jim neat.

Net ferjitte: de slútjûn is op 18 april yn de Jouwer.

Wy winksje jim allegear in noflik toanielseizoen ta.

Bestjoer Staf Fryslan