Protokol Karmasters
Protokol foar de karmasters / by skôgjen en neipetear
- In karmaster is in fertsjinwurdiger fan STAF en gast fan it selskip.
Fansels moat de karmaster him/har ek hâlde as in gast. De karmaster heart him/har te melden by oankomst by it bestjoer. Sis nei it puntsjen efkes dat jo fuortgeane. - Fan de karmaster wurdt ferwachte dat hy/sy him/har neutraal by de selskippen opstelt. Gean net yn op klachten oer kollega’s of oare skelen dy’t STAF oangeane.
- Yn oerlis foarôf kinne de karmasters yn de gelegenheid steld wurde it dekor te besjen en mei de spilers/regisseur yn de kunde te komme.
- In karmaster dy’t net yn funksje is en in foarstelling (betelle of fergees) bywennet, dy’t skôge wurdt troch kollega karmasters jout gjin oardiel oer it stik, noch oer it karmasterjen fan kollega’s.
- De karmaster soarget der foar dat hy/sy nei it skôgjen telefoannûmer/e-post útwikselt mei it selskip. Saken oangeande it karmasterjen en it neipetear kinne dan op in ienfâldige wize koartsletten wurde.
- Boekjes binne eigendom fan it selskip. Se moatte werom. Fansels is der dan net yn skrast.
Printferzje