• Organisaasje
    • Bestjoer
  • Selskippen
    • Oansletten selskippen
    • Oanmeldformulier
    • Fersekering
    • Toanielworkshop foar STAF - selskippen
  • Regisseurs
    • Oansletten regisseurs
    • Rezjyoplieding
  • Jongerein
  • Toanielkriich
    • Utslach toanielkriich 2018-2019
    • Utslach toanielkriich 2017-2018
    • Utslach toanielkriich 2016-2017
  • Toanieladvys
  • Aginda
    • Spile stikken 2018
    • Spile stikken 2019
  • Kontakt
    • Handige links

LĂȘzing Fryske Toanielskiednis

Datum:
17 febrewaris 2019

Tiid:
15.00 oere.

Wol fuort te spyljen:
Nee

Omskriuwing:

Hast elk Frysk plak hat wol in eigen toanielferiening. Wisten jim dat Fryslân in lange toanieltradysje hat?

Fryske toanieldialogen waarden yn de 17de iuw al skreaun, dat wy hawwe te krijen mei in lange tradysje. Yn 1860 waard it earste Fryske toanielstik opfierd en dat wie yn Hallum yn hotel De Valk. Dat wie ek it begjin fan it Fryske Wintejûnenocht. Ut har wenplak Holwert en Burgum wei teagen Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts van der Meulen nei doarpskroegen en –herbergen yn Fryslân om ferdivedaasje en learing te bringen.

It wie ek de tiid dat de earste doarpstoanielferieningen oprjochte waarden. Sy koene organisearje yn it Boun fan Fryske toanielselskippen. Tsjintwurdich is dy rol weilein foar STAF, de Stifting Amateurtoaniel Fryslân.

Yn de 20ste iuw koe it toaniel fierder groeie en kamen de nije sjenres op, tink mar oan lokaasjeteater, kabaret, toaniel oars as kluchten en it professioneel selsskip Tryater (1965).

Lêzing op 17 febrewaris 15.00 oere

Wolle jim mear witte oer de lange tradysje fan it doarpstoaniel yn Fryslân, oer wa’t de liedende figueren wiene en wat der sa al spile waard, oer de funksje  fan doarpstoaniel foar de mienskip en foar ús Fryske taal? Dan binne jim wolkom by de lêzing fan Babs Gezelle Meerburg.

  • Plak:              MFC Het Spectrum, Skoallestrijtte 12, 9111 HH Burdaard. 
  • Tagong:         € 5,00.  Kaarten online bestelle:. https://mgtickets.nl/v/756

 

Babs Gezelle Meerburg is learare-oplieder Nederlânsk Frysk oan NHLStenden hegeskoalle. Sy promovearre earder op it mêd fan literatuerskiednis.

 

Tige wolkom! 

Stichting Amateurtoaniel Fryslân

T.a.v. Keunstwurk
Postbus 1288
8900 CG Ljouwert

T: 058-2343434
F: 058-2343499
E: ynfo@staf-fryslan.nl

Folgje us op:

Facebook

 

Sitemap
Disclaimer
Privacy statement