Neat te ferbergjen
Útfierd troch:Nij Begjin
Datum:
22 febrewaris 2020
Tiid:
oere.
Nyegea
Wol fuort te spyljen:
Ja
Omskriuwing:
It stik Neat te ferbergjen is ynspirearre op de Italjaanske film “Perfetti Sconosciutti” (2016), dat skreaun is troch Tsjerk Bottema foar TS Nij Begjin te Nyegea. It is in komeedzje, mar ek wol wat in tragikomeedzje. Yn alle gefallen in komeedzje mei in serieuze ûndertoan.
Sân goede freonen (trije troude stellen en ien dy’t allinne komt) hawwe ôfpraat foar in itentsje. It is de jûn fan de eklips, de moanneferstjustering. Se beslute by wize fan spul har mobile telefoans ûnder it iten op tafel te lizzen en elk berjocht (sms, app, e-mail) en elk telefoantsje dat binnen komt fuortendalik meiïnoar te dielen, troch it foar te lêzen of de telefoan op de speaker te setten, om te bewizen dat se neat foar elkoar te ferbergjen hawwe. Wat fierder as de jûn foarderet, wat mear geheimen der oan it ljocht brocht wurde. It docht bliken dat de freonen minder fan elkoar wisten as hja ynearsten tochten, en dochs mear foar elkoar te ferbergjen hawwe as se tajaan wolle.
Tsjerk: Foar my giet it stik om it ferskil tusken it byld dat minsken fan harsels sjen litte wolle, it byld dat oaren fan har hawwe, en de wurklikheid. It giet ek oer it rjocht om al as gjin geheimen foar elkoar te hawwen, en hoe’t dat ûnder druk te stean komme kin troch social media en de smartphone. It stik giet ek oer freonskip. Wat is freonskip, en wêr is dy freonskip op basearre? Op it feit dat jo elkoar al hiel lang kenne, of omdat jo elkoar akseptearje en wurdearje sa’t jo binne? It stik giet ta beslút ek oer josels wêze. Kinst en wolst dysels wêze ûnder dyn freonen en kunde?
Wat sitaten fan personaazje Els út Neat te ferbergjen:
Wat sitaten fan personaazje Els út Neat te ferbergjen:
“Kom, wy dogge in spul.”
“Kom op, lis allegearre jim telefoans op tafel. Mei it skerm nei boppe. Hjir sit alles yn. It is de swarte doaze fan ús libben.”
“Hoefolle stellen soene der út elkoar gean, as se yn elkoars telefoan sjen soene?”
“As der fan ‘e jûn wat binnenkomt… SMS, WhatsApp, telefoantsjes, mailtsjes wat dan ek, dan diele wy dat mei elkoar. Wy lêze it foar, of sette ‘m op de speaker. Kom op, wy hawwe dochs gjin geheimen foar elkoar?”
It doarspshûs fan Nijegea is op 22 febrewaris 2020 letterlik it appartemint fan Ritske en Els Boersma.
De bar fan it doarpshûs is har keuken, de grutte seal har wenkeamer. Yn it midden fan ‘e seal stiet in grutte tafel, de itenstafel. It publyk is der tsjûge fan hoe’t Els en Ritske har freonen ûntfange foar it itentsje by har thús, en hoe’t se beslute om ûnder it iten in spul te dwaan. In spul dat oars útpakt as elkenien tinke koe. Sels foar de gastfrou, Els, dy’t mei it idee kaam.