Bysûnder dekôr te keap
18 novimber 2019
It bysûndere dekôr fan de jubileum produksje “De Foarstelling” is te keap.
It bestiet út in tal opfallende stuollen. Se binne ûntwurpen en makke troch dekôr ûntwerper Jaap Groen.
Neist de 9 troch Jaap Groen makke stuollen, binne der ek noch 6 reguliere Ikea stuollen.
It leafst ferkeape we de stuollen allegearre tagelyk. As der belangstellenden 1 of 2 keape wolle, is dêr oer te praten.
We soene graach de materiaal kosten der út ha wolle.
Doch in bod!
Moaie kâns foar toanielselskip of iepenloftspul dy’t op syk is nei in orizjineel dekôr!
It dekôr is per direkt beskikber.
Belangstelling: nim kontakt op fia de mail ynfo@staf-fryslan.nl
De maten:
Hichte | Breedte | Hichte sitting | |
Stoel 1 (de grutste | 427 | 127,5 | 202,5 |
Stoel 2 | 380 | 115 | 180 |
Stoel 3 | 332,5 | 102,5 | 157,5 |
Stoel 4 | 285 | 90 | 135 |
Stoel 5 | 237,5 | 44,5 | 112,5 |
Stoel 6 | 190 | 65 | 90 |
Stoel 7 | 142,5 | 52,5 | 67,5 |
Stoel 8 | 95 | 40 | 45 |
Stoel 9 | 47,5 | 27,5 | 22,5 |