Fan Staf nei Iepen DoEk
6 novimber wie it safier en is Staf oergien nei de feriening Iepen DoEk, dit is hast stikemwei gien mar net foar de dielnimmers dy’t harren opjûn hienen foar de workshops en de feestjûn op ‘e Jouwer. Middeis binne der 4 ynspirearjende workshops jûn troch Jan Arendz en Marijke Geertsma mei it tema ‘Ymprovisearje’, Jos Thie mei ‘Regissearje’, Anna Doornbos en Theun Scherjon mei ‘Grimearje mei air-brush technyk’ en Edwin Meester mei ‘Ljochttechnyk’. De oanwêzige dielnimmers wienen o sa entûsjast oer it oanbod. Ut de reaksjes die bliken dat it oanbod boppe harren ferwachtings wie.
Nei de workshops wie der in stamppot buffet en dêrnei wie der muzyk mei de band ‘Tik maar af’. De band hie in húskeamer - tafriel kreëarre op ‘e dûnsflier, dat joech in sfearfol byld.
De gebrûklike taspraken wienen yn de foarm fan ynterviews en waarden lieden troch Frank de Wilt. Douwe Zeldenrust en Geert Louwes leinen dêr nochris de klam op de gearwurking tusken Iepen DoEk en Keunstwurk.
Dernjonken waard der ôfskied nommen fan de skiedende bestjoersleden fan Staf: Sietske Dijkstra, Jelle Wesselius, Theun Ram en Ben Flootman.
Fansels presintearre it nije bestjoer fan Iepen DoEk harren ek op dizze jûn: Titia Huisman, Piter Zwart, Jildou Hotsma en Geert Louwes.
De nije bestjoerders Tineke Hemminga en Gerben de Haan wienen er net by mar sille harren letter foarstelle.
Fierder waard de priis foar it projekt ‘Coronaproof toaniel’ útrikt oan Anja Steegstra foar har idee ‘ Kleinschalige voorstellingen’.
Nei de earste sesje fan de band ‘Tik maar af’ wie de ferlotting foar de prizen foar de oanwêzige ferieningen. De earste priis fan € 500,-- gie nei Toanielferiening ‘Tusken Swin en Moezel’ út Friens, de twadde priis fan € 300,-- gie nei Toanielferiening ‘Nieuw Leven’ út Ingelum en de tredde priis fan € 150,-- gie nei de ‘Stichting Nijjiersrevu’, de Jouwer.
Sa as it heart op in jûn fan en foar it amateurtoaniel wie der fansels ek in ferlotting foar de oanwêzigen. De prizen bestienen út teäterbonnen en oare aardichheden, gearstald troch ‘de Kruidhof’, Bûtenpost.
Dizze ynspirearjende dei mei ferskate aktiviteiten is by de dielnimmers en oanwêzigen goed ûntfongen en is, sjoen de reaksjes, foar werhelling fetber.
As lêste betankje we it team fan ‘t Haske op ‘e Jouwer foar de hertlike ûntfangst.
It bestjoer fan Iepen DoEk sjocht jim graach wer by ien fan harren folgjende aktiviteiten.
De earstfolgjende is de moeting mei de Iepenloftspullen op 25 novimber yn Wikel.