Finansjele enerzjyboost foar amateurkeunstferieningen
Om ferienings in helpende hân te bieden by hege enerzjylisten hat Keunstwurk yn gearwurking mei Iepen DoEk en de koepelorganisaasjes Sako (koaren) it inisjatyf naam foar in 'finansjele enerzjyboost'. In direkte finansjele bydrage foar ferieningen dy 't finansjeel yn swier waar sitte troch de tanimmende enerzjylesten.
Iepen DoEK, koepelorganisaasje Sako en Keunstwurk stelle in bydrage beskikber dy 't bedoeld is om de meast urginte iepensteande rekkens fan ferieningen te beteljen. It maksimale bedrach dat takend wurdt is € 400, - (ynkl. btw) de feriening / stichting / projekt.
It beoardieljen fan de oanfragen giet op folchoarder fan binnenkomst. Leden fan de koepelbestjoeren Sako en Iepen DoEk krije foarrang. De oanfragen wurde toetst en beoardiele troch in kommisje dy 't bestiet út fertsjintwurdigers fan Sako, Iepen DoEK en Keunstwurk.