Iepenloftspullen op besite op 'e tún yn Snakkerbuorren | 3 july

3 maaie 2019

Op besite by 'Fan mûzen en mannen' op 'e tún yn Snakkerbuorren

Foar de Iepenloftspulkommisjes organisearre Staf en Keunstwurk elk jier in moeting by ien fan de Iepenloftspullen. Dit jier binne we op besite by Iepenloftspul Snakkerbuorren. Sy spylje fan 26 juny o/m 6 july ‘Fan mûzen en mannen’.  

Om 18.30 oere hjit de iepenloftspulkommisje fan Snakkerbuorren ús fan herte wolkom en is der in rûnlieding op ‘e doarpstún. Ytsje Noordenbos en Sjoukje Jager fertelle oer de histoarje fan de doarpstún en regisseur Karin Idzenga hâld in ynlieding oer ‘Fan mûzen en mannen’.
Undertusken genietsje we fan in waarm miel, besteande út: foargerjocht, haadgerjocht en neigesetsje. Fansels is der foar de dielnimmers genôch gelegenheid om ynformaasje út te wikseljen en by te praten.  

Fan mûzen en mannen
Om 21.00 oere geane we de tribune op om de foarstelling te sjen. 'Fan mûzen en mannen’ fertelt it ferhaal fan in bysûndere freonskip tusken twa mannen en spilet him ôf yn de jierren ’30 fan de foarige ieu yn Amearika. De arbeiders George en Lennie komme oan op in nije buorkerij om dêr te wurkjen. Fan harren eardere wurkplak binne se flechte om’t de geastlik beheinde Lennie fertocht wurdt fan oanranding fan in jonge frou. Lennie hâldt der nammentlik fan om sêfte bisten, foarwerpen of minsken oan te reitsjen en te aaien. Dêrby ferjit hy dan lykwols syn eigen krêft mei alle gefolgen. Op it nije wurkplak begjint alles goed en de grutte dream fan beide mannen om in eigen pleatske te hawwen mei gewaaks, kninen en oare bisten soe wolris útkomme kinne. Mar, hoe bot se harren bêst ek dogge, it needlot slacht ta.

Bisto aktyf by in Iepenloftspul – organisaasje? Kom dan op woansdei 3 july nei  Iepenloftspul Snakkerbuorren om by harren efter de skermen te sjen.

Datum: Woansdei 3 july 2019
Tiid: 18.30 oere
Kosten: € 40,- (€ 10,- koarting foar STAF-leden) nei 3 july komt der in faktuur fia Keunstwurk
Oanmelde: sa gau mooglik mar úterlik tongersdei 27 juny (der is beperkt plak)

*
*
*
*
*
*
*
 

PROGRAMMA
Ynrin en wolkom
Rûnlieding Doarpstún
Foargerjocht
Histoarje Iepenloftspul
Haadgerjocht
Ynlieding troch de regisseur Karin Idzenga
Neigesetsje
Foarstelling