Jongerein-teaterdei

27 febrewaris 2022

Hasto ek sa 'n sin om mei teäter dwaande te wêzen en mear te learen oer toanielspyljen en teäter meitsje? Kom dan snein 27 febrewaris nei ús Jongerein-teäterdei. Krijst workshops fan ynspirearjende teäterdosinten en yn de middei wurkje wy ta nei in koarte presintaasje yn de grutte seal fan Tryater.

De Jongerein-teäterdei wurdt organisearre troch Keunstwurk, Meeuw Jonge Theatermakers, Tryater en Iepen DoEk. Wy wolle jongerein (13 o/m 23 jier) yn Fryslân de kâns jaan om mei teäter dwaande te wêzen yn in ynspirearjende omjouwing mei ynspirearjende dosinten

  • KOARTING: bist as toanielferiening oansletten by Iepen DoEk (foarhinne STAF )? Dan krigest in koarting fan 10 euro! Brûk koartingskoade: iependoek2022

E-flyer Jongerentheaterdag  (ek om troch te stjoeren!)

Mear ynfo/oanmelde >>