Leve de Vereniging | Gearkomste Gastfrijheid
12 oktober 2022
De measte toanielferienings sille oer harsels sizze: 'elkenien is by ús wolkom!’, of ‘de doar stiet altyd iepen!'. Mar: hóe gastfrij is dyn feriening eins? Wat hâldt it begryp krekt yn? En: hoe kinst derfoar soargje dat dyn feriening (nóch) gastfrijer wurdt?
Oer dit tema organisearret ‘Leve de Vereniging’ op woansdeitejûn 12 oktober in gearkomste yn MFC Wjukken yn Mantgum. Geesje Duursma is ekspert op it mêd fan gastfrijheid en sil yn dizze gearkomste foar ferieningen as gastsprekker optrede.