Teatergroep SIEL spilet 'In frou mei behoeften' yn SigerswĂ¢ld
Sûnt it begjin fan dit jier is de nije teatergroep SIEL yn lytse setting oan it repetearjen mei in nije Fryske komeedzje. It stik hjit: In frou mei behoeften. De oarspronklik Flaamske komeedzje is skreaun troch John Vermeulen. De Fryske oersetting is fan Sietse Bouma út Bakkefean. Tegearre mei Elske Klooster út Sigerswâld hat hy de teatergroep SIEL oprjochte. It twatal is fan miening, dat der wer wat reuring op it teaterflak plakfine moat. En dat kin no al as je in stik spylje mei in net al te grutte besetting.
Op 18 juny sil de premjêre neffens de dan jildige Corona-maatregels om 19.30 oere spile wurde yn it doarpshûs fan Sigerswâld. Sa as it no liket meie der 30 taskôgers oanwêzich wêze.
De ynhâld fan it stik: Luuk en Janneke binne al in moai skoft troud. Sy is in notarisdochter dy ‘t nea oan it wurk west hat, hy is in stedsamtner dy ‘t de measte promoasjes oan syn noas foarby gean liet. Der sit wat slitaazje oan harren houlik. Se fermeitsje mekoar oerdei foar it grutste part troch mekoar de hûd op sinistyske wize fol te skellen. Janneke besiket de flam yn harren seksuele relaasje wer wat op te lôgjen. Mar dit hat ta gefolgen, dat der brike situaasjes ûnsteane, dy ‘t beide net ferwachtsje.
Kaartferkeap (fan 1 juny ôf): mear ynformaasje folget sa gau mooglik!