Toanielskriuwkursus | 'Je eerste eenakter'

23 maaie 2023

START: Woansdei 27 septimber 2023. TAAL: Frysk, Nederlânsk en streektaal. Skriuw dyn earste ienakter! Oftewol in pocketferzje fan in ôfrûne stik. Nei it sukses fan foargeande jierren, wurdt dizze kursus op 'e nij oanbean.

As begjinnend skriuwer learsto hoe 't de struktuer fan in toanielstik opboud is en hokker skriuwtechniken oftst dêrby tapast. Hoe skriuwst in pakkend begjin? Wat wurdt de klimaks of dyn darkest momint?

Yn in kombinaasje fan live en online groepssesjes krijsto útlis oan 'e hân fan foarbylden. Dêrnei giest selsstannich oan de slach mei dyn eigen ienakter. Do krijst persoanlik feedback op 'e ferskate fazen fan dyn stik, sadatst oan 'e ein fan 'e kursus in moaie basis hast foar dyn earste ienakter.

Keunstwurk organisearret dizze toanielskriuwkursus yn gearwurking mei Tresoar, St.U.F.T. en Tryater.

______________________________________________________

Publiceren bij St.U.F.T.

Toneelverenigingen hebben veel belangstelling voor nieuwe eenakters. Toneeluitgeverij St.U.F.T nodigt je daarom van harte uit om je afgeronde eenakter aan te melden voor publicatie. Deze worden dan beoordeeld door een onafhankelijke leescommissie, die advies geeft over welke stukken uitgegeven worden.

___________________________________________

Oanmelde

Oan dizze kursus kinne maksimaal 8 persoanen meidwaan.  Mear ynformaasje en oanmelde