Wiziging fersekeringen
13 jannewaris 2021
Alle selskippen dy’t by Staf oansluten binne, binne automatysk fersekere fia in kollektive fersekering by StAF. Dat bliuwt sa, ek as de nije ferieniging in feit is.
Der is lykwols mei yngong fan dit kalinderjier in wiziging yn it fersekerings-pakket.
Fan no ôf is jimme feriening fia StAF fersekere foar ‘Bestuursaansprakelijkheid’ en ‘Wettelijke aansprakelijkheid’ (WA) mei in dekking fan, op syn meast, € 2.500.000,- en in eigen risico fan € 500,-- De oare fersekeringen binne yn ferbân mei de ôfgryslik hege preemjes, dy’t yn gjin ferhâlding stienen mei de dekking, ferfallen.