Underskiedingsregeling
UNDERSKIEDINGEN
De STAF hat de ûndersteande ûnderskiedingsregeling:
Selskippen:
As in útnoeging nei de Stichting Amateurtoaniel Fryslân stjoerd wurdt, komt in fertsjintwurdiging fan de STAF by de kroanjierren 25 – 50 – 75 – 100 – 125 jier ensfh.
It selskip kriget in oarkonde/ lokwinsk en in jildbedrach.
Persoanen:
Foar leden dy’t 25 of 40 jier warber west hawwe foar in selskip dat oansletten is by de STAF, kin it STAF-bestjoer op fersyk fan it selskip in STAF-spjelde takenne.
- 25 jier: sulver (ynklusyf oarkonde)
- 40 jier: goud (ynklusyf oarkonde)
In jubilaris dy’t mei 40 jier, om hokker reden dan ek, neat krigen hat, kin by in 50- jierrich jubileum dochs noch in gouden STAF- spjelde takend krije. Is der al wol in gouden spjelde útrikt, dan kin in fertsjinwurdiger fan it STAF- bestjoer komme mei in aardige attinsje. It STAF-bestjoer hat foar gewoante, by de boppeneamde feestlikheden in taspraakje te hâlden.
Proseduere:
* Jubilea en ûnderskiedings (selskippen/persoanen) moatte teminsten acht wike fan te foaren skriftlik yntsjinne/oanfrege wurde by it STAF-bestjoer.
* It STAF-bestjoer kent de ûnderskiedings ta en de ûnderskiedings wurde troch in fertsjinwurdiger fan it STAF-bestjoer útrikt.
* De jubilea fan selskippen / persoanen wurde yn it jierferslach fan de STAF opnommen
* It selskip moat yn eigen regio foar de publisiteit soargje.
Oanfraachformulier foar ûnderskieding Selskip
Oanfraachformulier foar ûnderskieding Jubilaris | Persoan
NB Formulier folslein ynfolle en opstjoere nei a.stolte@keunstwurk.nl
Foar elke ûnderskieding in apart formulier ynfolle en opstjoere